Jane Porter (personaazje)

Jane Porter
In iere ôfbylding fan Jane troch James Allen St. John yn 'e earste edysje fan The Beasts of Tarzan, út 1916.
In iere ôfbylding fan Jane troch James Allen St. John yn 'e earste edysje fan The Beasts of Tarzan, út 1916.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Jane Clayton, boarch-
   grevinne Greystoke
Jane Clayton, grevinne
   fan Greystoke
Jane Parker
sekse frou
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Amerikaansk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Tarzan
geastlike heit Edgar Rice Burroughs
útjouwer The All-Story (fúljeton)
A.C. McClurg (boekfoarm)
ûntstean 1912

Jane Porter is in fiktyf personaazje út 'e Tarzan-boeken fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. Ek yn 'e adaptaasjes ta oare media dy't dêr letter fan makke binne, lykas films en tillefyzjesearjes, spilet Jane ornaris in wichtige rol. Hja is de grutte leafde fan Tarzan, de oan lianen slingerjende held fan it Afrikaanske oerwâld. Fral harren mei-inoar yn 'e kunde kommen ("Me Tarzan, you Jane") is tige bekend, hoewol apokryf.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search